|
Article on other languages:
|
Yndia is in lân yn Súd-Aazje, oan de Yndyske Oseaan. De haadstêd is New Delhi en de presidint fan de republyk is sûnt 2002 Abdul Kalam.
GeografyLizzingYndia wurdt begrinzge troch:
LânskippenYndia is in grut skiereilân. Lânskiplik kin it yn trije parten opdield wurde: It noarden fan it lan leit yn de Himalayaberchrige en syn útrinners Pamir en Karakoram en is dêrtroch tige bercheftich. De Kanchenjunga mei 8.598 meter is it heechste punt. Fierder nei it suden lizze de grutte flakten. Hjir rinne ek de grutte rivieren, de Ganges en de Brahmaputra, dy't útkomme yn de noardein fan de Baai fan Bengalen. Troch dizze rivieren is it gebiet tige fruchtber. Yn it westen leit de Tharwoastyn en yn it suden leit in grut plato, it Dekan. Dit plato leit tusken de Baai fan Bengalen en de Arabyske See. Oan beide kanten wurdt it plato begrinzge troch berchrigen, de westlike en eastlike Ghats. YnwennersNei Sina is Yndia it lân fan de wrâld mei de measte ynwenners, sa'n 1 miljard. SkiednisYndia is it mearpart fan in natuerlike ienheid, omsletten troch de Yndyske Oseaan en de Himalaja. Dêrtroch is it mûchlik te stribjen nei in ryk dat gâns it gebiet omfiemet. It is lykwols in enoarm gebiet, en troch de ôfstannen wie it hast net te dwaan sa'n ryk yn stân te hâlden. Yn de histoarje fan Yndia binne dan ek ferskate riken opkaam dy't in grut part fan it gebiet yn hannen hienen, mar dan wer útelkoar foelen. It earste ryk dat al slagge gâns it gebiet tusken it berchtme en de see yn te nimmen, kaam fan bûten: Grut-Brittanje wie mei de foarútgong fan de tegnyk as earste by steat de grutte ôfstannen baas te wurden en naam yn de rin fan de 19e ieu gâns it gebiet yn dêr't no Yndia yn leit. Mei it ûntstien fan dizze steatkundige ienheid kaam ek al gau in beweging op dy't stribbe nei in ûnôfhinklike steat. It hjoeddeiske Yndia waard op 15 augustus 1947 ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje. |
|||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.