|
Article on other languages:
|
Kalifornje is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. It is ien fan de grutste Amerikaanse steaten. De haadstêd is Sakraminto. Oare grutte stêden binne Los Angeles en San Fransisko.
SkiednisDe Spaanske Konkwistadore Hernán Cortés, dy't in ein makke oan it Aztekenryk yn Meksiko wie de earste Jeropeaan dy't foet yn Kalifornje sette, op syk nei goud. In oare Spanjert Juan Rodriques Cabrillo sylde yn 1542 de Baai fan San Diego binnen en kleemde it nije territoarium foar Spanje dat yn dy tiid bewenne waard troch yndianestammen. Ek oare Jeropeeske lannen as Ingelân en Ruslân hawwe oanspraak makke op it gebiet dat lykwols sûnt 1769 troch de Spanjerts kolonisearre waard. Yn 1821 waard it gebiet alhiel tawiisd oan Meksiko dat him ônôfhinklik ferklearre fan Spanje. Lykwols kamen hieltyd mear Amerikaanske kolonisten nei Kalifornje. Yn 1846 ûnstie der kriich tusken Meksiko en de Feriene Steaten, de saneamde Meksikaanske-Amerikaanske Oarloch dy't troch de Feriene Steaten wûn waard. De Meksikanen moasten ôfstân dwaan fan Kalifornje. Doe't op 24 jannewaris 1848 goud fûn waard by it stêdsje Koloma, tichtby Sakramento kaam de ferneamde California Gold Rush op gong, wêrtroch hûndertûzenen fan east nei west lutsen. Noch altyd wurdt der troch professjonele goudsiikers om goud socht. GeografyIt oerflak fan Kalifornje is 411.049 km² grut en dêrmei is it nei Alaska en Teksas de tredde grutste steat fan de FS. It leit fan noard nei súd bylâns de Grutte Oseaan del en grinzet yn it suden oan Meksiko, yn easten oan de steaten Arizona en Nevada en yn it noarden oan Oregon. Yn Kalifornje leit it op ien nei heechste punt fan Noard-Amearika (Mount Whitney) en it leechste punt (Badwater, Death Valley), ek steane dêr de heechste beammen yn de wrâld en is it op ien nei hjitste gebiet op ierde. De steat beskikt oer prachtige natuergebieten, in rike fegetaasje, en der libje in protte diersoarten. Lykop rinnend mei de seekust lizze de Coast Ranges, of it Kustberchtme. It easten wurdt dominearre troch de Sierra Nevada, mei Nasjionale Parken krektas Yosemite en Kings Canyon. It súdeasten en de Death Valley binne tige hjit. It klimaat is subtropysk yn it suden, yn it noarden is it wat koeler en de kust hat in seeklimaat. DemografyYn 2006 beskikte Kalifornje oer in befolking fan 36,8 miljoen minsken. In tredde hjirfan wie berne yn it bûtenlân. Mear as 60% fan de ynwenners sprekt Ingelsk, 26% Spaansk en 14% oare talen. NijsgjirrichhedenLos Angeles en omkriten
San Diego en omkriten
San Francisco
Keppeling om utens |
||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.